Hynsterêdingsboat nei Katwyk

29 jul 2008 - 13:47
  • Dit spektakel wolle se yn Katwyk sjen

De hynsterêdingsboat fan It Amelân jout sneon in demonstraasje op in grut Search and Rescue event yn Katwyk. Dêrfoar sille in feewein mei tolve hynders, in frachtauto fol mei materieel, in djiplader mei in boat en in bus mei santich man fan It Amelân nei Katwijk ferfierd wurde.

De hynsterêdingsboat is mar ien kear yn it jier op de fêste wâl te sjen. Der komme wol folle faker útnoegings binnen, mar meastal wurdt dêr net op yngien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)