Hynstepriis foar famylje Kluvers

01 feb 2005 - 17:17

It echtpear Bertus en Grietje Kluvers út Raerd hat moandei de provinsjale hynstesportpriis krigen. De 'Guds' waard foar de twadde kear útrikt. De famylje Kluvers krige de ûnderskieding omdat dy him al mear as tritich jier ynset foar de oplieding en begelieding fan jonge, begjinnende ruters en amazones.

De sjury wie unanym yn syn kar foar dizze winners. De priis, twa bylden, waard útrikt troch deputearre Bijman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)