Hynstepriis De Guds útrikt

04 mrt 2011 - 16:15

Freed is foar de achtste kear De Guds útrikt, de provinsjale hynstesport-priis. Dy giet dit jier nei de hynstefokkers Jan en Anna Schuil út Broeksterwâld. Se krije de priis foar har trochsettingsfermogen en har ynsjoch op fokkerijmêd. It foel de kommisje op dat de famylje Schuil yn doart te gean tsjin de advizen dy't gongber binne yn de fokkerijwrâld.

De Guds, útrikt troch deputearre Schokker, bestiet út in brûnzen hynder as wikseltrofee en in brûnzen ôfjitsel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)