Hynstepensjon by Lippenhuzen?

06 feb 2005 - 17:25

By Lippenhuzen komt mooglik in pensjon foar hynders en pony's. De famylje Van der Meulen wol in lisboksestâl oan de Bûtewei ombouwe ta hynstestâl mei rûmte foar 40 hynders. Om't it stik grûn in agraryske bestimming hat, moat dy feroare wurde.

De gemeente fynt it stallen fan hynders gjin agraryske aktiviteit. De ried fan Opsterlân moat in beslút nimme oer it feroarjen fan it bestimmingsplan. De ried praat dêr begjin maart oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)