Hynstemaraton yn Sonnegea

21 aug 2006 - 17:08

De menferiening 'D'r Veur en D'r Deur' organisearre sneon de jierlikse hynstemaraton yn Sonnegea. Moarns waard út ein set mei de dressuer en tsjin de middei begûn de maraton. It wie in slagge dei, want pas nei de priisútrikking begûn it te tongerjen.

De junioare-dressuerpriis is dield troch twa priiswinners: Lianne Bosma fan Steggerda en Diane Albersen fan Ens. Boargemaster van Klaveren hat noch in ritsje makke op in maratonwein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)