Hynstekonkoers yn Drachten

07 okt 2011 - 11:02

It hynstekonkoers Zwolle International sil dit jier yn it kongressintrum yn Drachten plakfine. Gewoanwei wie it evenemint altyd yn de iishal yn Zwolle mar dy wie dit jier al beset troch Holiday on Ice. De namme is ek feroare. It hyt net mear Zwolle International mar Internationaal Concours Noord-Nederland.

Nei dit jier sil de organisaasje evaluearje hoe't it gien is en besjen oft it konkoers takom jier wer nei Zwolle giet of yn Drachten bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)