Hynsteklinyk wreidet út

22 nov 2009 - 11:46

De hynsteklinyk yn Finkegea wreidet út mei in behannel- en ûndersyksromte. Dy komme yn in gebou fan 61 by 21 meter. Der komme fasiliteiten yn foar moderne genêskunde.

It gebou past net yn it bestimmingsplan, mar de gemeente Weststellingwerf wol dat plan oanpasse om de ûndersyksromte dochs mooglik te meitsjen. De útwreiding past neffens de gemeente goed by it stribjen om fan Weststellingwerf in sintrum foar de hynstesport te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)