Hynstekeuring yn WTC nimt gjin ekstra feiligensmaatregels

15 jan 2016 - 17:41
  • Dressuertraining op de Hynstekeuring yn it WTC Expo fan Ljouwert

Hoewol't der tûzenen besikers op ôfkomme, binne der dit jier gjin spesjale feiligensmaatregels naam by de hynstekeuring yn it WTC Expo yn Ljouwert. De organisaasje hat wol nei it feiligensplan sjoen, fanwege de oanslaggen en drigingen rûnom yn 'e wrâld, mar neffens de gemeente wiene der gjin ekstra maatregels nedich. It evenemint hat gewoanwei ek al befeiliging ynsteld. Neist de keuring, it hichtepunt fan it evenemint, binne der ûnder oare shows mei muzyk en hynders.

Dit jier binne dy wat minder grut as bygelyks yn 2014, doe't ûnder lieding fan Jos Thie de foarstelling Faderpaard brocht waard. Foar 2018, it jier dat Ljouwert Kulturele Haadstêd is, wurdt wer tocht oan in grutte foarstelling opnij yn gearwurking mei Jos Thie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)