Hynstekeuring yn Ljouwert is úteinset

14 jan 2016 - 17:12

Yn it WTC-Expo yn Ljouwert set tongersdei de Fryske hynstekeuring wer útein. Trije dagen lang kinne de leafhawwers fan it Fryske hynder harren hert ophelje oan de moaiste en bêste hynsten dy't der binne. Kommende sneon is de apoteoaze mei de striid om de titel fan bêste Fryske hynst fan it jier.

Oersetters

Ut de hiele wrâld komme eigeners fan Fryske hynders en leafhawwers nei it WTC-Expo ta om it spektakel fan tichtby mei te meitsjen. Om it foar dy minsken wat makliker te meitsjen, binne der de kommende dagen twa oersetters aktyf dy't simultaan oersette wat der sein wurdt by de hynstekeuring. 

Live by Omrop Fryslân

Fansels is der by Omrop Fryslân wiidweidich omtinken foar de hynstekeuring en Fri(e)sian Proms. Freed 15 jannewaris fan 20.30 oere ôf op omroplive.nl it konsert Fri(e)sian Proms.

Sneon 16 jannewaris fan 8.30 oere ôf is de hynstekeuring te folgjen op Omrop Fryslân Telefyzje en omroplive.nl. De hichtepunten fan de hynstekeuring wurde op snein 17 jannewaris om 10.00, 12.00 en 14.00 oere werhelle yn in twa oeren duorjende útstjoering.

Mear ynformaasje oer it programma fan de hynstekeuring en Fri(e)sian Proms is te finen op www.kfps.nl en op de programmaside fan Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)