Hynstekaam út 1790 feild

14 sep 2010 - 17:06
  • Foto's: feilinghûs Ald-Fryslân

By feilinghûs Ald-Fryslân yn Drylts wurdt in hynstekaam út 1790 feild. De antike roskaam waard as priis op 'e Boalserter feemerk útrikt. It wapen fan 'e stêd stiet deryn. Der binne mei-inoar tsien fan sokke priiskamen makke. Fan trije is noch bekend wêr't se binne. Nei alle gedachten binne de oare omsmolten en ferkocht.

No freed kin noch goud en sulver ynbrocht wurde by it feilinghûs. Dat wurdt dan fergees taksearre. De feiling is op 11 oktober.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)