Hynsteferfier útsteld om waar

04 des 2010 - 15:16

Hynsteferfier nei de opfang yn Bitgummole is sneon fanwegen it minne waar net trochgien. De hynders komme fan in maneezje yn Noard-Hollân en binne te âld om dêr noch tsjinst te dwaan.

De ôfrûne wike ha leden fan de maneezje yn Noard-Hollân aksje fierd om de bisten yn Bitgummole te krijen. Dêr wurde âlde maneezjehynders opfongen. Dy aksje hat oant no ta hast 100 donateurs opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)