Hynstedamjen yn Zweeloo:remise

10 aug 2012 - 11:31

Tweintich wite hynders en tweintich swarte striden tongersdei om ivige damroem. Frysk grutmaster en âld-wrâldkampioen Harm Wiersma naam it yn it Drintske Zweeloo op tsjin grutmaster Alexei Tsjizjov út Ruslân. Mei hynders as damblokjes.

It evenemint waard organisearre yn it ramt fan Masters Springen Zweeloo. Nei in oere spyljen einige de partij yn in remise.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)