Hynstedagen súkses

31 jul 2010 - 12:46

Wylst it by oare eveneminten de ôfrûne tiid dreech wie om genôch sponsors en frijwilligers te finen, is dat de organisaasje fan de hynstedagen yn Driezum en Wâlterswâld ek dit jier wer goed slagge. De doarpen steane dizze dagen foar de 21e kear hielendal yn it teken fan de hynstedagen.

Freed diene goed 130 oanspannings mei oan it Iepen Frysk Kampioenskip Hynstemaraton. Se komme rûnom út it lân. Se lizze in trajekt ôf troch Wâlterswâld, Driezum en Damwâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)