Hynsteconcours kin bliuwe

04 des 2006 - 10:54

It Concours Hippique kin yn alle gefallen noch twa kear hâlden wurde op it Mejontsmaterrein yn Bûtenpost. De gemeente Achtkarspelen hat de organisaasje tasein dat se oant en mei 2008 it fjild brûke kin.

Letter wurde op it terrein nije huzen delset. It is noch net bekend hoefolle wenten der op de fjouwer hektare komme. Mooglik kin it hynstesportevenemint dan noch wol op in part fan it terrein bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)