Hynste-ûngelok troch auto

26 sep 2011 - 15:19

It ûngelok mei hynder en wein fan snein yn Aldemardum is feroarsake troch in agressyf toeterjende en ynheljende automobilist. Dat seit Feike Pietersma, soan fan de menner. Meine Pietersma en de frou waarden út de wein slingere en rekken ferwûne. Neffens Pietersma sit by de hynders de skrik der noch goed yn. It sil even wat tiid nimme foardat se wer foar de wein op de dyk kinne.

De automobilist is trochriden nei it ynsidint. De plysje siket him of har.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)