Hynste-opskuor yn Aldebiltsyl

28 feb 2008 - 20:35
  • De dyk wurdt blokkeard
  • De hynders binne yn karren laden

In skeel om 22 hynders hat tongersdei yn Aldebiltsyl foar opskuor soarge. Twa ynwenners ha spul oer de fraach wa't de eigner is. Se hiene ôfpraat om it skeel oan de rjochter foar te lizzen. Mar tongersdei koe ien fan har net wachtsje en helle de hynders op. De soan fan de oare blokkearde de dyk.

Nei tuskenkomst fan de plysje is ôfpraat om de hynders op neutraal terrein te stallen, oant de rjochter in útspraak dien hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)