Hynders oerbrocht nei Ingelân

27 nov 2006 - 11:15

13 Konikhynders út it Lauwersmargebiet binne moandei op transport set nei Ingelân. It giet om wylde hynders dy't frij omrûnen yn it natuergebiet. Mei- elkoar binne der in goeie 200 Konikhynders yn it Lauwersmargebiet. Steatsboskbehear fynt dat tefolle.

Yn Ingelân geane de Konikhynders ek nei in natuergebiet. De 13 hynders wiene al earder apart set en koene frij maklik yn in feewein laden wurde. Fia Calais gean se mei de boat oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)