'Hynders meie net slachte wurde'

06 nov 2006 - 22:41

De Partij voor de Dieren hat in fûns oprjochte om de hynders fan it Noarderleech te behoedzjen foar de slacht. In grut part fan de hynders is bestimd foar de slacht. De partij fynt dat no net mear akseptabel. De oare hynders wurde ferkocht.

De Stichting Dierenrecht fynt dat boer Lootsma fan Tsjummearum gjin bisten mear hâlde mei. De stichting hat in list makke fan oertredings, dy't fan betroubere boarnen komme soene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)