Hynders fertraapje soad nêsten

08 apr 2013 - 14:09
  • It Noarderleech achter de tydlike keatsarena

Ut ûndersyk mei klaaidowen as nepnêsten yn it Noarderleech docht bliken dat hynders folle mear nêsten fertraapje as kij. Dat ha ûndersikers fan de Ryksuniversiteit Grins fêststeld. Der wurdt al fan 2009 ôf ûndersocht wat de ynfloed is fan it weidzjen fan fee op de briedende fûgels yn it kweldergebiet. Boeren weidzje dêr kij en hynders.

Earst is dat besocht mei boetsearklaai op jampotdekseltsjes, mar dat mislearre omdat de kij de klaai fuort slikken. Dêrnei is keazen foar klaaidowen dy't ornaris yn de sjitsport brûkt wurde.

Dy geane stikken as hynders of kij der op traapje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)