Hynders dea by grutte brân maneezje Wolvegea

02 mrt 2016 - 05:49

By in brân yn in maneezje oan de Oppers yn Wolvegea binne fannacht trije hynders omkaam. De measte hynders yn de stâl koene op tiid rêden wurde. By de brân is asbest út it dak frijkaam, mar dat hat him net ferspraat oer de omkriten fan de maneezje. In spesjalistysk bedriuw hat hjir ûndersyk nei dien.

It dak en in pear muorren fan de stâl binne ynstoarten. Der rekke net ien ferwûne. In pear minsken binne troch ambulânsepersoniel ûndersocht, omdat se reek binnen krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)