Hynder yn it wetter yn Jobbegea

02 maaie 2006 - 17:23

Yn Jobbegea is moandeitejûn in hynder yn it wetter rekke. Op de Alberdawei rekke de karre, dêr't it bist yn siet los fan de auto. De karre kaam mei hynder en al yn it wetter telâne.

De auto waard bestjoerd troch in frou(30) fan 'e Gordyk. Nei oardel oere wist de brânwacht it hynder út de karre te heljen. It bist is nei alle gedachten net ferwûne rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)