Hynder trapet fytsende frou

01 jul 2008 - 10:25

In 79-jierrige frou is moandei ferwûne rekke, doe´t se in traap fan in hynder krige. De frou fytste oer de Hústerheide en helle it hynder yn. Dat rûn yn de berm neist it fytspaad en waard beriden troch in famke fan 15 jier út Sint_Nyk.

Krekt op it momint dat de frou ynhelje woe, skrok it hynder en trape nei achteren. De frou rekke ferwûne oan ´e skonk en is nei it sikehûs fan Snits brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)