Hynder op 'e rin tusken alvestêdekuierders

16 maaie 2015 - 11:17

In Frysk hynder dat op 'e rin slein wie soarge sneontemoarn foar opskuor by de lêste etappe fan de alvestêdekuiertocht. Dat barde op de krusing fan de Finnewei mei de Hearewei tusken Damwâld en Rinsumageast. Troch manmoedich optreden fan kuierders en de frou dy't mei it hynder rûn koe foarkommen wurde dat it hynder kuierders trape.

Der rekke net ien ferwûne. De kuierders binne sneon dwaande mei de lêste etappe fan de alvestêdetocht, fan Dokkum nei Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)