Hynder op de rin: 'frijspraak'

30 jun 2011 - 17:12
  • De rjochtbank yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert easket frijspraak yn de saak fan it ûngelok mei hynder en wein fan in jier ferlyn op Skylge. In Skylger (40) moast dêrfoar tongersdei foar de rjochter ferskine. De offisier fan justysje fynt dat de fertochte neat te ferwiten falt dat it hynder op 'e rin rekke.

De wein mei fyftjin toeristen botste tsjin in beam en fleach oer de kop. Seis toeristen rekken ferwûne by it ûngelok. De útspraak is oer twa wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)