Hynder It Amelân rêden út see

14 aug 2014 - 18:35
  • De rêding fan it hynder op It Amelân

By Hollum op It Amelân is tongersdei in hynder rêden út see. En dat is presys op de dei fan de betinking dat 35 jier lyn acht hynders fan de rêdingsboat op Hollum ferdronken. De lifeguards fan de KNRM-frijwilligers wisten it bist wer op it droege te krijen. In frou wie fan it hynder fallen en dêrnei rekke it hynder te wetter. Troch de streaming drige it bist de Noardsee op te driuwen. In lifeguard hat it hynder rêden troch de holle fan it hynder op in seneamd rescueboard te lizzen en sa wer rjochting it strân te peddeljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)