Hynder deariden by Nes

03 maaie 2008 - 15:02

Op de A32 by Nes is freedtenacht in hynder om it libben kommen nei't dy yn botsing kaam mei in auto op de sneldyk. It hynder wie mei noch trije hynders losbrutsen út in stik greide. Doe't de hynders op de dyk bedarren, koe in automobilist út Maarssen ien fan de hynders net mear ûntwike.

De automobilist kaam mei de skrik frij, it hynder oerlibbe it dus net. De plysje sleat de A32 ôf om de hynders wer yn 't lân te krijen. Nei in oere koe it ferkear der wer del.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)