Hynder dea nei ûngelok mei trailer op de A32

14 aug 2015 - 08:04

By in ûngelok mei in hynstetrailer op de grutte dyk by It Hearrenfean is it hynder sa bot ferwûne rekke, dat er ôfmakke is. De bestjoerder rekke de macht oer it stjoer kwyt, doe't de trailer begûn te slingerjen. De sjauffeur fan in bestelbuske dat der achter ried, koe in oanriding net foarkomme. De karre mei it hynder rekke los en kaam tsjin de fangrail, wêrtroch it hynder derút slingere waard. In feedokter hat it bist op it plak fan it ûngelok ynsliepe litten. De minsken dy't by it ûngelok belutsen wiene, kamen mei de skrik frij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)