Hylpers fiere aksje foar huzen

29 nov 2007 - 23:21

Bewenners fan Buren yn Hylpen hawwe tongersdei aksjefierd tsjin wenningboukorporaasje Woonbedrijf West út Koudum. Se binne lulk op de korporaasje omt der al jierren neat mear dien wurdt oan in stikje grûn dat braak leit yn de stêd. De korporaasje soe dêr fjouwer wenten bouwe, mar der bart al lange tiid neat.

Mei it opsetten fan selsboude gevels woene de aksjefierders sjen litte hoe't it der eins útsjen moatte soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)