Hylper rêdt boatflechtlingen

17 jan 2011 - 10:22
  • Martin Remeeus stiet de Grykske parse te wurd op Korfoe
  • Foto: Rederij Canada Feeder Lines

In frachtskip mei de Hylper kaptein Martin Remeeus hat sneontenacht yn de Adriatyske See 241 boatflechtlingen rêden. De flechtlingen sieten op in fiskersskip tusken Grikelân en Italië foer. It skip kaam nachts yn problemen en stjoerde in needsinjaal út. It frachtskip skeat doe te help.

Doe't de flechtlingen derôfhelle waarden, begûn it houten skip te sinken. Flak dêrnei bruts de boat midstwa en sonk er hielendal. Guon opfarrenden koene net rêden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)