Hylper mei harddrugs pakt

10 feb 2013 - 12:26
  • e_dolphins

Yn Snits is sneontenacht in jonge (19) út Hylpen oppakt om't er harddrugs by him hie. Surveillearjende plysjes woene op de Bolswarderwei yn Snits in auto kontrolearje. Se fûnen in pûdsje mei fiif XTC-pillen en in pûdsje mei wyt poeier, nei alle gedachten amfetamine. De bestjoerder fan de auto is oanhâlden. Doe't er fûljearre waard, fûn de plysje nochris twa wikkels mei amfetamine. De drugs en de auto binne yn beslach naam. De fertochte is meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)