Hylper ferwûne troch eigen bom

25 aug 2008 - 13:48
  • Plysje en EOD trochsykje de wenning

In man (33) út Hylpen is moandeitemoarn slim ferwûne rekke nei't in selsmakke bom yn syn hannen ûntplofte. De man siet by in kollega yn 'e auto ûnderweis nei it wurk yn Harich. De man hie de bom by him en waard dêrom troch syn kollega út de auto set. Nei it útstappen is de bom ûntploft, wêrby't de man slimme ferwûnings oprun.

De man is nei it sikehûs yn Grins brocht. De EOD docht yndersyk yn Harich en yn it hûs fan 'e man.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)