Hydrofizel grut sukses

20 sep 2011 - 12:52
  • In hydrofizel (foto: Jan Jelle Ringnalda)

In nije fining fan it Snitser bedriuw Landustrie, `de hydrovijzel', is in grut sukses. Sûnt jannewaris binne der al goed 90 oanfragen foar binnen kaam. De hydrofizel wurdt brûkt foar it opwekken fan enerzjy út streamend wetter.

Landustrie hat de fizel ûnder oaren levere oan it Britse Keningshûs. Ek by Windsor Castle, de haadwenning fan Queen Elizabeth, wurdt troch de Snitsers in wetterkrachtsintrale boud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)