Hybride lantearnepeal Marrum

12 mrt 2014 - 22:04
  • Lampepeal op wyn- en sinne-enerzjy

Marrum kriget tongersdei as earste plak yn Noard-Nederlân in hybride lantearnepeal, de saneamde Touché Hybride. De mêst komt te stean op de krusing fan de Herjuwsmawei en de Kleasterwei. De mêst is makke fan recyclebere materialen en hat sinnesellen en in wynmûne om him baarne te litten.

De wynmûne hat as foardiel dat dy sa stil en licht is dat er by it lytste suchtsje wyn al draait. De lantearnepeal hat dêrtroch gjin kabels nedich en is sa tige geskikt foar it bûtengebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)