Hybride auto's troch Fryslân

26 jun 2009 - 21:22

Om te sjen hoe skjin en miljeufreonlik Fryslân is, rydt begjin july in oantal hybride auto's troch de provinsje. De auto's binne fan Urgenda, in nasjonale beweging dy't wol dat Nederlân noch duorsumer wurdt.

Urgenda wol witte wat provinsje en gemeenten dogge oan duorsumens. Dêrneist freget it oan ûndernimmers en ûndersikers wat sy dogge om Fryslân skjinner en miljeufreonliker te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)