Huzum lilk fanwege growshop

21 des 2002 - 00:00

De komst fan in 'growshop' soarget foar argewaasje yn 'e Ljouwerter wyk Huzum. Yn sa'n winkel binne saken te keap dy't nedich binne foar it kweken fan himp. Omwenners oan 'e d'Hondecoeterstraat tinke dat de winkel foar oerlêst soarget en drugsferslaafden oanlûkt.

In hantekenaksje hat neat opsmiten en de growshop is sneon iepene. De eigner fan de winkel kin him de wjerstân wol yntinken mar seit dat de tsjinstanners net witte wat it krekt ynhâldt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)