Huzepriis sakket minder hurd

20 maaie 2010 - 14:25

De huzeprizen yn Fryslân gean minder hurd achterút, hat it kadaster bekend makke. Yn it earste fearnsjier fan 2010 koste in hûs trochinoar 196.000 euro. Dat is 0,7 persint minder as yn de earste fjouwer moanne fan 2009. Dêrfoar sakken de prizen folle hurder.

Yn fergelyk mei hiel 2009 leit de trochsneedpriis no 1,5 persint heger. Der binne mear huzen ferkocht. Yn it earste kwartaal fan dit jier binne der goed 1400 huzen ferkocht, hast seis persint mear as deselde perioade 2009.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)