Huzen yn Weststellingwerf meast yn priis sakke

10 feb 2015 - 12:40
  • Hús te keap

De huzen yn de gemeente Weststellingwerf ha te krijen mei de grutste gemiddelde weardedaling yn Nederlân. In hûs yn dy gemeente hat sûnt de top yn 2008 gemiddeld 38.000 euro oan wearde ferlern. Dat docht bliken út sifers fan it ûndersyksbedriuw Calcasa. Der driget neffens it bedriuw in twaspjalt op de wenningmerk tusken de Rânestêd en de rest fan Nederlân. De huzeprizen yn de Rânestêd stige mear as yn de rest fan Nederlân en it oantal huzen dat te keap stiet is dêr minder as yn it Noarden.

Guon huzen yn it Westen hawwe al hast wer deselde prizen as yn 2008, wylst dat yn de rest fan Nederlân noch lang net it gefal is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)