Huzen yn 10 jier stik djoerder

29 mrt 2011 - 11:57
  • It ôfrûne jier giene de Fryske huzeprizen mar amper omheech

De huzeprizen yn Fryslân binne yn tsien jier tiid mei 55 % omheech gien. Dat docht bliken út ûndersyk fan de website Woningmarktcijfers.nl, op basis fan gegevens fan it kadaster.

Allinnich yn Grinslân en Seelân giene de prizen tusken 2000 en 2010 noch mear omheech. Yn Fryslân moat no yn trochsneed goed 190.000 euro betelle wurde foar in keapwenning, likefolle as yn Limboarch. Grinslân is mei 178.000 euro noch altyd de goedkeapste provinsje om in hûs te keapjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)