Huzen slope yn NW-Fryslân

11 mrt 2010 - 23:15
  • Foar eltse twa sloopte wenten soe maksimaal ien weromkomme moatte

Der moatte in grut oantal huzen sloopt wurde yn Noardwest-Fryslân. Sa soe foarkaam wurde kinne dat de wearde fan keaphuzen yn dy regio bot omleech giet troch de befolkingskrimp. Dat skriuwt makelersorganisaasje NVM yn in rapport dat tongersdei oanbean waard oan de provinsje.

Neffens de NVM soe der selektyf sloopt wurde moatte om't der oars tefolle huzen op de merk komme. De eigners soene dan jild krije moatte út in spesjaal sloopfûns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)