Huzen Hoedemakerspolder Dokkum tsjin de flakte

17 aug 2015 - 11:23
  • De sloop oan de Hoedemakerspolder

Yn Dokkum is moandei úteinset mei de sloop fan wenningen yn de Hoedemakerspolder. De 38 huzen gean tsjin de flakte omdat se âld en fertutearze binne. Ien fan de huzen is fan de 80-jierrige Alie Dreijer-Oegema. Sy hat 56 jier yn de Hoedemakerspolder wenne. Se wie de earste bewenner fan de wyk en hat har hiele libben dêr trochmakke. Har bern binne berne yn it hûs dêr't sy en har man nei harren trouwe te wenjen kamen. Har man is ek ferstoarn yn ditselde hûs. Yn de Dokkumer wyk sille begjin 2016 35 nije wenningen oplevere wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)