'Huzen helte djoerder as 2002'

05 feb 2007 - 13:51
  • hûzen binne djoerder wurden

Wenhuzen yn Fryslân binne de lêste fiif jier yn_trochsneed tusken de 30 en 50 persint djoerder wurden. Yn Boalsert giene de prizen bygelyks mei hast 49 persint omheech, yn Frjentsjer mei mear as 43 persint en yn Ljouwert mei hast 40 persint. Dimo, ien fan de grutste websites op it mêd fan wenjen, makke de sifers bekend. Neffens Dimo blykt út de sifers dat it plattelân dwaande is mei in ynhelslach yn ferliking mei de Rânestêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)