Huzen fersakje troch pealrot

28 jan 2005 - 11:46

Ynwenners fan Lemsterlân wolle skeafergoeding foar it fersakjen fan harren wenten. De huzen binne op houten peallen boud en troch it lege grûnwetterpeil is it hout yndroege en beskimmele. Pealrot is it resultaat.

Der is al in belangeferiening oprjochte om in fûst te meitsjen. De leden fine dat it wetterskip betelje moat foar de skea fan it lege wetterpeil. Neffens in wurdfierder rint dat yn de miljoenen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)