Huzen ferkeapje oan Tennet?

05 sep 2012 - 15:57

Tennet is op dit stuit mei fyftich Friezen yn ûnderhanneling oer de ferkeap fan de huzen. Der komt in nije heechspanningsferbining fan de Eemshaven nei Ens yn de Noardeastpolder oer de huzen hinne te lizzen. Minsken kinne der bliuwe te wenjen, mar dan sitte se wol mei magnetyske strieling.

Foar de troffen minsken hat it nochal wat gefolgen. Sa moat ien ophâlde mei de fruittún en in oar mei in teetún. Sûnt dit jier sit it gebiet op slot. Takom jier start de bou fan de heechspanningsmêsten. Yn 2018 moat it klear wêze.

Troch de 160 km lange heechspanningskabels fan de nije elektrisiteitssintrale yn de Eemshaven nei Ens rint 380.000 volt. It betsjut in ferbettering fan it besteande stroomnet. Yn Fryslân wenje fyftich minsken yn in rûnte fan 65 meter om de stroomkabels hinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)