Huzen fan Actium wurde super duorsum en enerzjysunich

23 jun 2015 - 16:05

Wenningkorporaasje Actium wol it grutste part fan syn huzen sa duorsum en enerzjysunich meitsje dat se it enerzjylabel B krije. Actium is dêr ferline jier al mei begûn. De korporaasje set der op yn dat yn 2020 acht fan de tsien huzen it B-label hat. Huzen wurde isolearre en krije dûbel glês. As se dan noch net enerzjysunich genôch binne, krije se ek noch sinnepanielen.

Foar sittende hierders bliuwt de hier itselde. Actium hat ûnder oare huzen yn de gemeente Eaststellingwerf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)