Hûzen en auto's fan Fryske PVV-kandidaten bekladde

28 feb 2015 - 10:46
  • Bekladde auto fan PVV-kandidaat
  • Eardere bekladding fan in PVV-hûs
  • Bekladde hûs fan PVV-kandidaat

De hûzen en auto's fan ferskate PVV-kandidaten yn Fryslân binne freedtenacht bekladde. Mei griene ferve binne teksten op de auto's en hûzen spuite, lykas dat de kandidaten 'fascisten' wêze soene. Ien fan de slachtoffers is Pier Visser yn Hilaard. Hy stiet op de list foar de Provinsjale Steaten yn Fryslân. Visser hat fuortdaliks oanjefte dien. Hy hie dit soart aksjes wol ferwachte, mar is dochs skrokken.

De plysje befêstiget dat op trije plakken fandalisme west hat 'dêr't in link liket te wêzen mei de PVV.' It giet om Ternaard en Peazens.

Yn Ternaard giet it om it hûs fan kandidaat-Steatelid David van den Brand en yn Peazens om it hûs fan Erna Cohen en Maarten van den Brand. De plysje docht buertûndersyk. It is net dúdlik wa't achter de fernielings sitte.

PVV-lieder Geert Wilders hat it oer in skandalige aksje tsjin syn minsken. Hy neamt it in frontale oanfal op de demokrasy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)