Huzeferkeap lûkt fierder oan

17 mrt 2014 - 11:27
  • Hús te keap

Yn de moanne febrewaris binne wer mear huzen ferkocht yn Fryslân as yn jannewaris doe't it ek al oanluts. Dat docht bliken út sifers fan it Kadaster. It giet no om 342 huzen, tsjin 252 yn deselde moanne ferline jier. De sifers jouwe oan dat de huzeferkeap yn 'e lift sit, sa makket ek de makeldersorganisaasje NVM bekend.

It tal eksekúsjeferkeapen yn Fryslân bleau gelyk. Yn njoggen gefallen moast in hûs ferkocht wurde. De trochsneedpriis foar in hûs yn Fryslân leit op goed twa ton. Allinnich yn Grinslân en Seelân binne de huzen goedkeaper.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)