Hutten foar jeugd tastien

04 feb 2003 - 00:00

Yllegale hutten en karavans meie yn doarpen yn Frjentsjerteradiel stean. De jeugd mei der yn omhingje fan de gemeente, as der goede ôfspraken binne. Se meie gjin oerlêst feroarsaakje en de hutten moatte brânfeilich wêze.

Om't der net folle te dwaan is yn de doarpen, ha de jongeren hutten boud. De gemeente wol de hingplakken tastean om mear oerlêst yn de doarpen tsjin te gean. De brânwacht kontrolearret de hutten en karavans twa kear yn it jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)