Hut tredde by maraton Breda

23 okt 2005 - 14:54

Willem Hut fan Haulerwyk waard sneontejûn tredde by de reedrydmaraton fan Breda. Hut besocht seis rûntsjes foar de einstreek allinnich fuort te kommen, mar waard hieltiten wer weromhelle troch Cédric Michaud. De Frânske maratonneur wie yn 'e einsprint de sterkste. Kurt Wubben waard twadde, Willem Hut tredde.

Michaud is no ek de nije oanfierder fan it klassemint om de KNSB-Essentcup, Jan Maarten Heideman stiet twadde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)