Hut mei bliuwe nei aksje bern

09 feb 2006 - 12:46

De beamhut fan de 13-jierrige Lars van Loenen út Heech hoecht net sloopt te wurden. De gemeente Wymbritseradiel sil de hut gedoge. In pear wiken lyn krige Lars in brief fan de gemeente dêr't yn stie dat er syn hut binnen in moanne ôfbrekke moast. Lars en syn freonen begûnen in aksje en dy late derta dat de gemeente de hut tenei gedoge sil.

Wol ha Lars en syn freon in kontrakt ûndertekenje moatten der't yn stiet dat sy gjin oerlêst feroarsaakje sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)