Húslik geweld yn Skearnegoutum

12 jan 2014 - 14:17

In man fan 42 jier út Skearnegoutum is oanhâlden omdat er sneontejûn syn frou swier mishannele hat. De frou rekke dêrby ferwûne oan it gesicht. Sy moast behannele wurde troch in dokter. De man treau boppedat syn dochter fan 10 jier om. Sy hâlde dêr skaafplakken oan oer.

De man sloech in rút yn en moast mei slachierlike blieding nei it sikehûs. Hy is dêr troch de plysje oanholden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)